Brân yn wenhûs yn Boalsert, bewenster oanhâlden

29 jun 2016 - 17:55

De bewenster fan in hûs oan de Samuel van Haringhouckstrjitte yn Boalsert is woansdeitemiddei oanhâlden, nei't er brân útbrutsen wie yn har hûs. In buorman ûntduts de brân en belle de brânwacht. Om't net dúdlik wie oft de bewenster thús wie, waard de brân opskaald ta middelbrân. De brânwacht hie de brân lykwols gau ûnder kontrôle.

It fermoeden bestiet dat de frou de brân sels oanstutsen hat, seit in wurdfierder fan de plysje. Dêrom is de bewenster meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
brân Boalsert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)