Boeren stelle lân beskikber as oerringebiet by swiere buien

29 jun 2016 - 15:56

Trije grûneigeners út de omkriten fan Frjentsjer en Harns stelle lân beskikber as wetterbuffer as der in hiel soad rein falt. It giet om sa'n acht hektare. De grûneigeners binne de earsten yn de regio dy't helpe mei it bestriden fan wetteroerlêst.

As it bot reint rinne earst de sleatten fol, wêrnei't se oerstreame kinne, it lân op. Sadree't de gemalen it oerstallige wetter út de haadwettergongen wer op peil hawwe, rint it wetter fan it oerrinperseel wer ôf de sleatten yn.

Troch sokke oerringebieten hoege minder fearten en sleatten ferbrede te wurden. It foardiel dêrfan is dat der minder lanbougrûn fuorthelle wurdt.

De agraryske bestimming foar it oerrinperseel bliuwt bestean. De eigeners krije in fergoeding foar de wetterbuffer. It bedrach leit tusken de 3.500 en de 11.500 euro de hektare. De hichte fan it bedrach hinget ôf fan hoe faak oft de grûn brûkt wurdt foar de tydlike opslach fan wetter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)