Auto ûngelok brêge: te hurd

© Jaring Rispens, www.stjoerder.nl
De bestjoerder fan de auto dy't oan de ein fan de moarn by de Skarster Rien brêge oer de kop fleach, hat nei alle gedachten te hurd riden. Dat tinkt de plysje. De bestjoerder is swier ferwûne mei de traumahelikopter nei it UMCG yn Grins brocht. Om wa't it giet. is noch net bekend makke.
Omdat it ferkear troch it ûngelok mar oer ien rydstrook koe, ûntstie der in lange file. De betriedding fan de brêge hie ek skea oprûn.