Opnij fertochten oppakt foar sjitpartij mei alarmpistoal

29 jun 2016 - 10:43

De plysje hat opnij fertochten oanhâlden foar de sjitpartij mei in alarmpistoal yn Koatstertille twa wiken lyn. It giet om twa Ljouwerters fan 27 en 34 jier. In oare 34-jierrige Ljouwerter wie earder al oanhâlden yn de saak.

Op 20 juny besochten twa manlju in wenning oan de Menno van Coehoornstrjitte binnen te kommen. De fertochten hiene lykwols de ferkearde wenning útsocht. Se seagen wol de auto fan de man dy't se sochten foar it hûs stean. Hjir binne sei meardere kearen mei har eigen auto tsjinoan riden.

De eigener fan de auto kaam dêrop nei bûten en besocht de bestjoerder út de auto te heljen. Hjirby is mei in alarmpistoal sketten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)