Ald-maratonrider Durk Fabriek as fysioterapeut nei Tour

29 jun 2016 - 08:11

Ald-maratonrider Durk Fabriek fan Beetstersweach set woansdeitemoarn ôf nei de Tour de France. Net as hurdfytser, mar as fysioterapeut. Hy sil oan de slach yn it team fan ûnder oaren Tom Dumoulin en Laurens ten Dam: Giant-Alpecin. It is de earste kear foar Fabriek en hy hat der in soad nocht oan. "It is fantastysk om it op dizze wize mei te meitsjen." Fabriek hat sels ek in betûft amateurhurdfytser west.

De Ronde fan Frankryk begjint sneon. Durk Fabriek stoppe ferline jier mei it reedriden fanwegen oanhâldende blessueres oan syn skinen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)