UPDATE: Arrestaasjeteam hellet betize man út wenning

29 jun 2016 - 10:18
Foto: De Vries Media

In arrestaasjeteam fan de plysje hat tiisdeitenacht in ynfal dien yn in wenning oan de Marconistrjitte yn Bûtenpost. Neffens de plysje gong it om in gefal fan húslik geweld. Yn it hûs wie in 45-jierrige betize man. Hy woe net lústerje nei de ynstruksjes fan de plysje en doe is besletten yn te gripen mei it arrestaasjeteam. De betize man is oanhâlden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)