Gruttere rol boeren by oplossing foar problemen feangreiden

© Remco de Vries
Sân Fryske lânbou-organisaasjes sille de provinsje en it wetterskip helpe by de útfiering fan de feangreidefyzje. De organisaasjes wurde sawol bestjoerlik as amtlik belutsen by it yn de praktyk bringen fan de fyzje. Troch peilferlegings ferdwynt de feanlaach en komt it lân hieltiten leger te lizzen. Dat smyt in ferskaat oan problemen op. Sa komme der stoffen frij dy't it broeikaseffekt fersterkje en ferrotsje houten fundearringspeallen. Ek de natoer hat der fan te lijen.
Provinsje en wetterskip wolle noch om tafel mei natoer- en miljeu-organisaasjes oer hoe't sy belutsen wurde kinne by it proses. Hegere wetterpeilen binne in oplossing, mar dat hat konsekwinsjes foar it gebrûk fan greiden. De gearwurking moat liede ta foar de boeren akseptabele oplossings.