Achtkarspelen bliid mei belangstelling foar glêsfezel

De oanlis fan glêsfezel © ANP
Oant no ta hat rom tweintich prosint fan de bewenners fan it bûtengebiet yn Achtkarspelen oanjûn belangstelling te hawwen foar ynternet oer glêsfezel. De gemeente Achtkarspelen is dêr tige bliid mei. Om de oanlis mooglik te meitsjen moat lykwols seker 60 prosint fan de 900 adressen meidwaan. Achtkarspelen wol yn de maitiid fan 2017 úteinsette mei de oanlis fan de kabels. Dêrfoar binne ek gearkomsten organisearre mei boeren en oare bewenners fan it bûtengebiet.
De gemeente riedt minsken dy't glêsfezel ha wolle oan, har oan te melden fia ynternet.