Poal op dievepaad om mobile telefoans

Mobyltsje © Omrop Fryslân
In 21-jierrige man út Poalen is tiisdeitemiddei yn Feanwâlden oanhâlden. De man besocht dêr immen op de Juliusstrjitte fan syn mobyltsje te berôvjen. De plysje Noardeast Fryslân koe him oanhâlde.
In kollega fan de Ljouwerter plysje hearde hoe't de man der útseach en joech troch dat in man mei itselde sinjalemint earder in 50-jierige Ljouwerter frou yn har wenplak berôve hie fan har gsm. Dat wie yn har wenplak op de hoeke fan de Tesselschadestrjitte en de Westersingel. De Poalske fertochte hie dizze telefoan noch by him.
Hy is ynsletten en de plysje hat beide ynsidenten yn ûndersyk.