Abdolkader Menla kin wer oan syn maritime takomst tinke

28 jun 2016 - 18:22

Abdolkader Menla wie kaptein yn Syrië. Mar by in bombardemint op syn hûs ferlear hy de measte fan syn besittings en al syn papieren. Hy flechte nei Nederlân en hy hat op Skylge by de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert alle sertifikaten en farbewizen op 'e nij helle. Sa kin Menla in nije start meitsje en wurk sykje op de maritime arbeidsmerk.

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert rikte tiisdeitemiddei it farbewiis út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)