Fryske jonges kieze foar de transportsektor

28 jun 2016 - 15:58

Der binne hieltyd mear Fryske jongeren dy't de oplieding ta frachtweinsjauffeur folgje. Dat seit Peter Smit fan ferkearsskoalle Tilstra út Ljouwert. It oantal learlingen is it ôfrûne oardel jier bot tanaam.

De grutte tarin fan learlingen hat ûnder oare te krijen mei de groeiende ekonomy, wêrtroch der mear sjauffeurs nedich binne foar de transportsektor. Ek tinkt Smit dat it 'online shoppen' in rol spilet. Jongeren dy't no in oplieding folgje ta frachtweinsjauffeur, binne sa't it no liket, wis fan in baan.

De ferkearsskoalle krijt nammentlik hieltyd mear fraach fan arbeidsburo's dy't gjin sjauffeurs fine kinne, sa seit Smit.

It binne benammen jonges dy't harren opjouwe foar de oplieding. Oant 2020 binne der lanlik per jier sa'n 2000 nije sjauffeurs nedich. Dat docht bliken út sifers fan Transport en Logistiek Nederland, sa skriuwt de NOS.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)