Grutste part 65-plussers beweecht genôch

28 jun 2016 - 15:12

70% fan de Fryske 65-plussers krijt genôch beweging neffens de Nederlânske noarm foar sûn bewege. Lanlik foldocht 68 prosint fan de senioaren oan de noarm. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Frysk Sosjaal Planburo, yn gearwurking mei Sport Fryslân. It ûndersyk is dien op basis fan gegevens fan GGD Fryslân. Ek hawwe de ûndersikers petearen hâlden mei ferskate saakkundigen út it fjild. Der binne wol grutte ferskillen tusken de ferskate Fryske gemeenten. Sa sport mar 55% fan de âlderen yn Weststellingwerf, tsjinoer 86 prosint yn Súdwest-Fryslân.

It is foar de ûndersikers net folslein dúdlik wêr't dit troch komt. Se tinke dat it ûnder oare te krijen hat mei beskikbere fasiliteiten.

Trefwurden: 
beweging âlderein
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)