Gearkomste gemeenten oer Caparis is ôfsein

28 jun 2016 - 14:19

De gearkomste fan de acht gemeenten oer Caparis woansdei is ôfsein troch de wethâlders fan de mienskiplike regeling. De 66 fraksjes yn de gemeenten dy't partisipearje yn de sosjale wurkfoarsjenning soene troch harren wethâlders ynformearre wurde oer de gong fan saken by it bedriuw. By Caparis binne grutte bestjoerlike problemen.

De fraksjes fan de PvdA yn de acht gemeenten hiene frege om in mienskiplike gearkomste. De mienskiplike ried seit no lykwols dat der gjin nijs is oer de herstrukturearing.

Yn in reaksje seit Tamara Bok fan de PvdA fraksje yn Ljouwert dat dat hielendal net de reden wie foar de gearkomste. Se is ferbjustere oer it ôfsizzen fan de gearkomste. "Het miskent dat er heel veel gebeurt bij Caparis op dit moment." Ek oare PvdA-riedsleden binne lilk oer it ôfsizzen fan de gearkomste.

Foarôf oan de gearkomste mei de wethâlders hie de ûndernimmingsried fan Caparis in oere sprektiid krigen. Dat giet neffens de ûndernimmingsried ek gewoan troch. Tamara Bok fan de PvdA Ljouwert seit dat se dêr seker hinne sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)