Van Anholt traint by Hearrenfean, mar wol nei bûtenlân

28 jun 2016 - 13:41

Pele van Anholt hat noch altiten gjin nije wurkjouwer fûn. De ferdigener dy't de lêste fiif seizoenen in fêste wearde wie by SC Hearrenfean hopet op in bûtenlânsk aventoer, mar konkrete ynteresse is der foarearst noch net. Oant dy tiid mei de Boalserter fan haadtrainer Jurgen Streppel mei de Hearrenfean seleksje meitraine.

Op 22 oktober 2011 makke Van Anholt syn debút yn de wedstriid tsjin FC Utrecht. Hy wie op dat stuit de twadde Fries dy't dat seizoen syn debút makke by SC Hearrenfean, de oare wie Doke Schmidt. Van Anholt makke yn novimber 2013 yn de wedstriid tsjin Go Ahead Eagles it 700-ste thúsdoelpunt yn it Abe Lenstra stadion. 

Dat wie gelyk syn lêste doelpunt foar de Feansters, yn totaal skoarde Van Anholt yn fiif seizoenen twa kear.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)