Iepening azc Dokkum rint opnij fertraging op

28 jun 2016 - 13:16

Opnij fertraging foar it asylsikerssintrum yn Dokkum. De iepening fan de opfang, dy't pland stie foar it foarjier fan 2017, wurdt net mear helle. Dat hat it Centraal Orgaan Opvang Asielzoekers oan de gemeente Dongeradiel witte litten.

De fertraging hat ûnder oare te krijen mei de langere lanlike oanbestegingsprosedueres. It is noch net bekend hoefolle langer as de realisaasje fan it opfangsintrum no duorje sil. De gemeente hat it COA frege om hjir dúdlikheid oer te jaan.

Doe't de earste plannen foar in nij opfangsintrum op tafel kamen, waard noch útgien fan in iepening yn de simmer fan 2016. Dizze datum is troch it COA bysteld nei de maitiid fan 2017, mar ek dizze datum wurdt no net helle.

Trefwurden: 
iepening AZC Dokkum fertraging
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)