Frjentsjer hat primeur mei grienste aaidoaske

28 jun 2016 - 12:26

It is in bysûndere dei by it bedriuw Huhtamaki yn Frjentsjer. Mei Steatsboskbehear lansearret it tiisdei in primeur: it grienste aaidoaske fan yn elk gefal Europa en miskien ek wol fan de wrâld. It doaske bestiet út 50 persint gers en 50 persint âld papier. It idee is al sa'n tsien jier âld, mar wurdt no lang om let útfierd troch de Finske ferpakkingsprodusint.

It gers wurdt levere troch Steatsboskbehear en komt benammen út har noardlike natuergebieten. Foar fjirtich aaidoaskes is ien kilo gers nedich.

Yn de takomst moatte de doaskes mear mei gers as mei papier makke wurde. De doaskes lizze al yn de winkel. De biologyske aaien fan de Albert Heijn binne der yn ferpakt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)