Fryske bedriuwen nominearre foar ûndernimmerspriis

28 jun 2016 - 11:01

It advysburo yn duorsume enerzjy Ekwadraat yn Ljouwert is nominearre foar de Nationale Business Succes Award 2016. It bedriuw is ferkeazen ta winner yn de kategory Energiekringloop en giet hjirmei troch nei de finalewedstriid. Neffens de sjuery ûnderskiedt Ekwadraat har troch it rjochtsjen op de lokale ekonomy en it ûndernimmen mei oare bedriuwen om de enerzjy werom te bringen by de minsken.

Yn de nasjonale wedstriid makket it bedriuw kâns op de haadpriis fan 100.000 euro. 

Direkteur Douwe Faber is tige grutsk. "Voor ons is het continu weer jezelf uitvinden. Prachtig dat dit landelijk wordt gewaardeerd door deze prijs." De Nationale Business Succes Award 2016 is de grutste ûndernimmerspriis fan Nederlân en de iennige mei in eigen telefyzjeprogramma, alle sneinen op RTL7.

It bedriuw Kooyenga Advisering en Detachering yn Dokkum is nominearre yn de kategory oerheidsdetasjearring.

Yn de kategory FinTech is it Feanster bedriuw AfterPay nominearre. Dit bedriuw fersoarget it achternei beteljen fan guod fia ynternet. AfterPay is merklieder op dat mêd en is oanwêzich yn goed 5000 kassa's fan webwinkels
 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)