Fjouwer Belgen brekke yn en naaie út mei sylboat

© ANP
Fjouwer Belgen, fan 20 en 21 jier, binne moandeitenacht op it wetter by it spoarfiadukt fan Grou oanhâlden foar ynbraak. De plysje krige krekt nei middernacht in melding dat der ynbrutsen wie yn in wenning oan de Waring yn Grou. Tsjûgen seagen fjouwer minsken dy't mei in sylboat yn de rjochting fan it Prinses Margrietkanaal ôfsetten.
By it spoarfiadukt waard it sylskip troch de aginten sjoen. De plysjes rôpen nei de fertochten dat se it skip oan de kant lizze moasten en dat diene se. By de ynbraak hiene se shag meinaam.