Kollum: "DOA-famylje"

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.
"Stap it terrein fan Dokk’em Open Air op, en de bûtenwrâld mei al syn beslommeringen ferdwynt krekt like fluch as de bh fan in froulike stripper. Gjin Brexit mear, gjin ûnfeilige swimfleugels fan de Krûdfet, gjin nudistekemping dêr’t de minsken net mear nudist wêze meie omdat der in flechtlingekamp foar mannen neist komt. Hoewol’t dat lêste berjocht ek te krijen hat mei Dokk’em Open Air.
Dat komt om’t de organisaasje fan DOA foar de safolste kear yn it bestean fan it festival fan lokaasje feroarje moast. It eardere AZC-terrein wie in ideaal plakje. Smûk, foar in part ferhurde, logistyk in boppeslach. Toch koe DOA dêr net bliuwe, omdat op itselde plak in nij AZC komme soe. Alwer ferhúzje, dus. Pas doe’t de organisaasje al in oar plak regele hie, ynklusyf fergunnings en rampeplannen, joech de gemeente oan dat it mei de bou fan it AZC wat langer duorre, en se miskien toch op de âlde lokaasje bliuwe koene. It hynder achter de wein en moster nei de mieltyd.
It sketst de muoisume ferhâlding tusken de gemeente en de organisaasje fan Dokk’em Open Air. Foar in bûtensteander lykas ik hat it derfan dat de gemeente noait posityf tsjin it festival oer stien hat. Noait gjin romhertige finansjele stipe, noait gjin romhertige meiwurking as it oer it finen fan lokaasjes gie. Men kin jin ôffreegje wêrom’t dat sa is. Hat soks te krijen mei de sinjatuer fan it gemeentebestjoer, en dêrmei miskien de foaroardielen as it oer in metalfestival giet? As dat sa is, soe it ferrekte spitich wêze.
Want it is net om ’e nocht dat, as it oer Dokk’em Open Air giet, meastal de omskriuwing ‘DOA-famylje’ te hearren is. Dy famylje omfettet de frijwilligers, de besikers, de organisaasje en de bands. It soe de koartste klap wêze as it gemeentebestjoer ris in wykein by dy famylje op besite gean soe. Gewoan om wat foaroardielen fuort te poetsen, troch in bierke te drinken en in praatsje te meitsjen. Om mei eigen eagen te sjen hoe’t Dokk’em Open Air net allinne in ekonomyske ympuls foar de regio betsjut, mar ek in 100% positive promoasje. It sil sa prestisjeus net wêze as bygelyks de Admiraliteitsdagen en grif foar in lytser publyk, mar as DOA ek mar de helte fan dy meiwurking en goodwill krije soe, hie dat al geweldich west.
Op dit stuit is noch net wis oft it festival in ferfolch krijt. Ferskillende faktoaren spylje in rol yn dy beslissing. Mar, achte gemeentebestjoer fan Dokkum, stap yn alle gefallen oer jim foaroardielen hinne en stypje snotferdoarje dat bysûndere inisjatyf op golle wize. Dokk’em Open Air fertsjinnet it."