Húsdokter Noardwâlde warskôge troch medysk tuchtkolleezje

27 jun 2016 - 20:53

In húsdokter út Noardwâlde hat in warskôging krige fan it Regionaal Tuchtkolleezje fan de sûnenssoarch. Sy soe de bloedwearden fan in kankerpasjint ferkeard ynterpretearre hawwe.

De man krige ferline jier te hearren dat er net mear better wurde koe. By in bloedûndersyk yn 2011 fûn de húsdokter dat syn bloedwearden normaal wiene. Mar de pasjint liet op eigen inisjatyf syn bloed nochris kontrolearje, no troch oaren. Doe die bliken dat it dochs net goed wie. De pasjint is nei it tuchtkolleezje stapt dy't de saak ûndersocht hat.

De man hie ek in klacht yntsjinne tsjin syn urolooch. Dy wurket by sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten. De tuchtrjochter fûn dat dêr gjin grûn foar wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)