Wettersporters benaud foar boete fanwege slepen oare boat

27 jun 2016 - 20:00

As je de regels letterlik tapasse, kinne dêr situaasjes fan komme dy't je net hawwe wolle. Dat seit minister Schultz van Haegen fan Ferkear oer in sertifikaat foar it slepen fan boaten. Minsken dy't mei de boat in oare boat slepe, moatte dêr in spesjale keuring foar dwaan litte. De measte lytse boaten hawwe dy net. Dêrom meie se neffens de wet gjin oare boat slepe. Boatsjeminsken binne benaud dat se in boete krije as se slepe.

Fryske Keamerleden Lutz Jacobi (PvdA) en Betty de Boer (VVD) hawwe fragen oan de minister steld oer de kwestje.

Lytse boaten 
Ferkearsminister Schultz hat praat mei de wettersportsektor oer de regels. Salang't dy petearen noch rinne, sille skippers fan lytse boaten dy't oare lytse boaten slepe, gjin boete krije as se it sertifikaat net hawwe. As de boat dy't sleept wurdt langer is as 20 meter, dan moat de slepende boat wol in sertifikaat hawwe, skriuwt de minister oan de Twadde Keamer.

Gefaarlik wetter
De minister kin har yntinke dat yn guon gefallen in sertifikaat foar boaten dy't brûkt wurde om lytse boaten te slepen wol ferplichte wêze moat. "Hierbij moet dan onder andere worden gekeken naar de frequentie waarmee wordt gesleept, de vaartuigen die worden gesleept en de wateren waarop gevaren wordt. Het maakt nogal verschil of dergelijke vaarbewegingen plaatsvinden op bijvoorbeeld de Vinkeveense Plassen of op de Westerschelde." In eventuele oanpassing fan de regels kin wol even duorje, seit de minister.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)