Tsjerke fan Akkrum is tenei alle middeis iepen foar publyk

27 jun 2016 - 18:23

De terptsjerke fan Akkrum is tenei alle middeis iepen foar publyk. De tsjerke sels is fan 1759. De bysûndere brânskildere ruten komme ek út dy tiid. It ferneamde Petrus van Oeckelen-orgel is hûndert jier jonger. It sil fan 't simmer geregeld bespile wurde troch oargelisten lykas Martin Mans, André Knevel en Evert van der Veen.

It gasteteam fan de tsjerke kin ferhalen fertelle oer de tsjerke, bygelyks oer de wynwizer mei in 'mearman' en dat oan de toer noch te sjen is wêr't de brânwacht eartiids de slangen te drûgjen hong.

Oant snein 10 septimber is de tsjerke alle middeis iepen foar besikers.

Trefwurden: 
Akkrum tsjerke iepen besikers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)