Fytsklup Frisia: "Fryslân kin wol nij jong fytstalint brûke"

Learlingen út groep acht fan de Albertine Agnesskoalle, De Wester en De Plataanskoalle út Ljouwert hawwe moandei in medalje krigen om't se goed racefytse kinne. Ferspraat oer trije dagen krigen de bern les op it Kealledykje fan profesjonele hurdfytsers.
De racefytsclinic waard organisearre troch tourfytsklup Frisia, hurdfytsclub de Friesche Leeuw, BV Sport en Sport op Basisskoallen. Neffens tourfytser Eerde de Vries is it belangryk dat de learlingen har aanst yn it drokke stedsferkear rêde kinne at se nei de middelbere skoalle gean.
Anouska Koster
Fansels wol de fytscklup ek omtinken freegje foar de sport, want Fryslân kin wol wer wat nij jong fytstalint brûke. Dat de 22-jierrige Anouska Koster fan De Westereen foarige wike it NK wûn, is dan ek goed foar it imago fan de sport, stelt De Vries. "At Fryslân goeie fertsjinwurdigers hat op it NK of yn de Tour de France, dan sjogge minsken ek wer mei oare eagen nei de sport."
Helm en fyts liene
De Ljouwerter fytsklups hoopje de skoalbern gau werom te sjen. "Wy biede se hjir in helm en in fyts te lien oan at se mear fan de sport witte wolle. Dan kinne se sjen oft de sport ek wat foar har is," beslút De Vries.