Plan foar tydlike wenten statushâlders yn acht plakken DFM

27 jun 2016 - 16:31

B. en w. fan de gemeente De Fryske Marren (DFM) wolle yn acht plakken wenromte bouwe foar statushâlders. De gemeente ferhiert op dit stuit ien op de fiif frijkommen hierwenten oan asylsikers mei in tydlike ferbliuwsfergunning. Dêrmei foldogge se net oan de taakstelling fan it ryk.

De Fryske Marren moat takom jier 185 statushâlders in wenplak jaan. Sûnder ekstra bou soe mar foar de helte plak wêze. Mei dizze foarm soe dat oplost wurde kinne.

Foar de tydlike wenromte hat it kolleezje lokaasjes yn Ychten, De Jouwer, Langwar, De Lemmer, Aldehaske, Skarsterbrêge, Sint-Nyk en Sint-Jânsgea op it each.

Net mear as tolve 
It maksimale tal wenten it plak is tolve. It wurde wenunits dy't net langer as tsien jier stean. It kolleezje kiest foar safolle mooglik sprieding om de feroarings foar omwenners en statushâlders sa lyts mooglik te hâlden.

Ried beslút yn septimber
De gemeenteried nimt op 28 septimber in beslút oer it foarstel. Dêrfoar binne noch ynformaasjegearkomsten mei direkte omwenners.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)