Kooyenga nominearre foar lanlike bedriuwspriis

27 jun 2016 - 15:41

It bedriuw Kooyenga Advisering en Detachering is nominearre foar de Nationale Business Succes Award 2016. It bedriuw is ferkeazen ta winner yn de kategory oerheids-detasjearring. Dêrmei is it bedriuw neffens de organisaasje ien fan de súksesfolste bedriuwen yn Nederlân op dat mêd.

Kooyenga krijt in byldsje as priis. Yn de grutte wedstriid makket it bedriuw kâns op de haadpriis fan 100.000 euro. Dêrnjonken krijt Kooyenga ek noch in promoasjepakket mei ûnder oare advertinsjes yn twa grutte lanlike deiblêden.

De sjuery is fol lof oer it Dokkumer bedriuw. Sa skriuwe se yn harren rapport: "Kooyenga Advisering en Detachering BV heeft zich in de loop der tijd ontwikkeld tot een toonaangevend bedrijf op het gebied van detacheringen, met een sterke specialisatie op het gebied van overheidsinstellingen, met een zeer sterkte positionering."

Advysburo Ekwadraat is útroppen ta winner yn de brânzje enerzjykringloop. Ek sy dinge mei nei de haadpriis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)