Stoarmfloeddoarren werompleatst yn Lorentzslûzen

De stoarmfloeddoarren yn de Lorentzslûzen by Koarnwertersân wurde moandei werompleatst. De slûzen oan de Fryske kant fan de Ofslútdyk binne 83 jier âld en oan grut ûnderhâld ta. Koartlyn is it betsjinningssysteem al ferfongen.
It doel moat úteinlik wêze dat der minder steuringen yn de slûzen komme. It ferkear stiet de lêste tiid faak stil troch steuringen op de Ofslútdyk. Oant de Twadde Keamer ta wurdt oantrune op ferfanging en ferbreding fan de slûzen, mar minister Schultz van Haegen fan Ynfrastruktuer hâldt fêst oan renovaasje.