Wurkgroep Skiermûntseach praat woansdei mei minister Kamp

Argyffoto fan in boareilân © Omrop Fryslân
De Wurkgroep Horizon fan Skiermûntseach, dy't him ynset tsjin de gasboarringen by it Waadeilân, hat no woansdei in petear mei minister Kamp fan Ekonomyske Saken. De wurkgroep wol dat der net yn 't sicht fan it eilân nei gas boarre wurdt.
De wurkgroep reizget woansdei mei ûnder oaren de direkteuren fan Natuurmonumenten, de Waadferiening en de ûndernimmersferiening fan it eilân nei Den Haach ta. De minister hat tasein yn syn lunchpauze mei it selskip te praten.
De wurkgroep hat ek frege oft it mooglik is dat in 80-jierrige eilânbewenster har satiryske liet oer de kwestje foardrage mei oan de minister.