Dutch Solar Challenge start yn Amsterdam, dêrnei nei Fryslân

De start fan de sinneboaterace Dutch Solar Challenge is dit jier yn Amsterdam. De duorsume boaten sille op sneon 2 july troch grêften fan de haadstêd farre. Op snein stiet der in sprintrace troch it Oosterdok op it programma.
Dêrnei ferhuzet it folsleine sirkus nei Fryslân, dêr't se ûnder oare De Lemmer, Drachten, Grou en Ljouwert oandogge. De race wurdt dit jier foar de sechde kear hâlden. Op woansdei 6 july wurdt besocht om yn it Guinness Book of World Records te kommen mei it ferbrekken fan it snelheidsrekôr foar sinneboaten.
Der wurde snelheden fan 45 kilometer yn 'e oere ferwachte.