Simmerdeis Festival lûkt 30.000 besikers

© Erna van der Wijk
It Drachtster festival Simmerdeis hat it ôfrûne wykein 30.000 besikers lutsen. Dat makket de organisaasje bekend. Benammen it grutte tal jongeren dat op it festival ôfkaam falt op.
De tsiende edysje fan it festival sette ferline wike woansdeitejûn útein yn De Feanhoop mei in premjêre fan de foarstelling 'Van Alice en nog wat'. De foarstellingen op acht lokaasjes lutsen yn totaal 1250 besikers. Oan it festival wurken yn totaal 110 frijwilligers en meiwurkers mei.
De alfde edysje fan Simmerdeis wurdt takom jier hâlden fan 22 oant en mei 25 juny.