Boek oer Henk de Jong wurdt 'bedankje oan Cambuur-fans'

27 jun 2016 - 10:27

Der binne plannen foar in boek oer Henk de Jong, de âld-trainer fan SC Cambuur. De Fryske sjoernalisten Radboud Droog en Ate de Jong wolle dat skriuwe. De beide manlju hawwe yn petear west mei De Jong, dy't ferline wike in opfallende nije baan as kommersjeel meiwurker krige by FC Grins. Neffens Ate de Jong is de âld-trainer entûsjast. "Henk sei fuortendaliks, dat gean we dwaan."

It boek sil net allinnich oer Henk de Jong sels gean, mar foaral ek oer de ferbining tusken him en de Cambuur-supporters. "It is eins in bedankje oan de tolfde man."

It is noch net wis wannear't it boek útkomt. "Ik soe it moai fine as it foar Sinteklaas noch útkaam, mar we gean gewoan foar kwaliteit", sa seit Ate de Jong.

Trefwurden: 
boek Henk de Jong SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)