Kij dogge proef mei firtueel skriktried

27 jun 2016 - 08:58

In groep fan fyftjin kij yn Ljouwert hat sûnt koart sensoaren om 'e nekke. Dat meldt de NOS. Mei de sensoaren krije de bisten in firtuele ôfrastering, wêrby't se in lûdssinjaal krije as se oer de grinzen fan it perseel komme. Negearret de ko it sinjaal, dan rint se tsjin in sabeare skriktried oan. Boeren kinne hjirtroch op in maklike wize harren fee op in bepaald stik fan harren lân rinne litte, bygelyks omdat dêr better gers stiet.

It hieltyd ferpleatsen fan in echte ôfsetting kostet in feehâlder in soad tiid. Dat is neffens de inisjatyfnimmers reden foar in protte boeren om de bisten mar op stâl te hâlden. It giet earst om in eksperimint op de Dairy Campus yn Ljouwert.

Net alle melkfeehâlders binne lykwols wiis mei de sensoaren. Sy sizze dat it mooglik skealik wêze kin foar de sûnens fan de bisten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)