Kollum: "Dikke fette middelfinger"

27 jun 2016 - 08:41

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.

"Njonken alle opskuor oer it beslút fan Ingelân om út ús fertroude Europa te stappen, hiene wy it yn ús eigen lantsje ôfrûne wike ék earne hiel drok mei. De Twadde Keamer wie dûm op de saneamde Straathyena's. Foar wa't hjir noch nea fan heard hat, folget no earst efkes in koarte omskriuwing.

De Straathyena's binne nei eigen sizzen fjouwer jonges tusken de 16 en 21 jier, dy't in eigen Instagramaccount hawwe dêr't se alle dagen filmkes en fideo's op sette. Oant safier net sa bysûnder, wie it net dat al dizze filmkes gean oer fandalisme. En net al te sunich. Fan it yngoaien fan ramen fan skoalgebouwen oant it yn 'e brân stekken fan auto's en it opblazen fan bushokjes.

Neffens de Staathyena’s sels dogge se neat ferkeard. Sterker noch, fandalisme is fan alle tiden, brûke se as argumint. It bestie al lang foardat sy harren Instagramaccount oanmakken. En dat kloppet, mar is noch altyd gjin reden om sa'n webside yn de loft te smiten. Tagelyk moat der by sein wurde dat dizze jonges sels gjin filmkes meitsje. Nee, dy krije se tastjoerd út it hiele lân wei.

Alle dagen krije de Straathyena's mar leafst 60 filmkes oanlevere. En noch skrikbarender is it tal jongeren dat dizze filmkes besjocht. De hyena’s ha yntusken goed 123.000 abonnees dy’t thús efter de kompjûter mei in skaaltsje M&M’s op skoat ferlekkere nei al dat fandalisme sjogge.

Ik wol gjin âld wiif wêze en ik wie eartiids ek net altyd de braafste, mar it doel fan it fernielen fan in oar syn guod ûntgiet my folslein. Ik kin simpelwei gjin argumint betinke om in oar syn auto yn 'e fik te stekken, in bushokje op te blazen of stiennen troch de ramen fan in skoalle te donderjen. En dan te betinken dat dit eins noch frij ûnskuldich is. Want it measte bart fansels midden yn de nacht as der gjin minsken yn de auto’s, bushokjes of skoallen sitte.

Yn Almere giet de jeugd noch in stapke fierder en ramt komplete tegels troch de ruten fan in bus wylst der wól passazjiers yn sitte. Wat it doel dêrfan is? Simpel, se koene net mear meiride en dan is it logysk datst dyn frustraasje botfierst op in busraam. Ferwachtest dat dit jonges binne fan in jier as 17, 18, mar neat is minder wier. Ofrûne wike koe de plysje oan de hân fan kamerabylden in 14-jierrige jonge oanhâlde. Fjirtjin jier. Doe’t ik 14 wie hie ik überhaupt noch nea yn in bus sitten. Lit stean dat ik plannen makke om der in bakstien tsjinoan te kneppeljen.

Ik wol net Roomser wêze as de paus en fansels sneuvele der yn myn tiid ek wolris it ien en oar. Mar sa gewelddiedich as dat it tsjintwurdich giet, gong it doe echt net. Ik freegje my ôf wêr't de jeugd sa lilk fan wurdt. Wêr komt dy lilkens wei, datst de brut fan in oar kapot meitsje wolst sûnder dat der in reden foar is?

Wa’t no tinkt dat soks allinnich yn Amsterdam bart, hat it mis. Ek yn Fryslân gong it it wykein wer mâl. Sa waarden de stopljochten fernield by de disko fan Quatrebras, gong der in auto yn flammen op oan de Ljouwerter dyk de Sleutelbloem en waard der efkes fierderop in skooter stellen troch twa minderjierrigen. Heech tiid om yn te gripen.

Fandêr myn wat onortodokse plan fan oanpak om dit fandalisme de kop yn te drukken. Wy moatte de jeugd leare om harren hantsjes tenei oars te brûken. Ien finger is nammentlik genôch om dyn frustraasje kwyt te reitsjen. Yn plak fan de fûst yn it rút fan in bus te plantsjen, meie se tenei allinnich noch, lykas wy eartiids diene, de middelfinger opstekke tsjin in bussjauffeur as er sûnder op of om te sjen by se delrydt. Mear net.

In dikke fette middelfinger opstekke en no toe dan mar wer, se meie - as se echt hiel lilk binne - ek noch sachtjes ‘Fuck you’ roppe. Mar dan is it klear. Schluss. Finito. Of sa’t se dat yn Ingelân sizze: Brexit."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)