Hokker doarp is it tûkste fan Fryslân? Doch de kenniskwis

27 jun 2016 - 08:22

De Ljouwerter ûndernimmer Justin van Vliet wol útfine hokker doarp it tûkste fan Fryslân is. Hy hat dêrfoar de kenniskwis 'Het slimste dorp van Friesland' ûntwikkele. Alle Fryske doarpen kinne meidwaan en in team fan fiif minsken gearstalle. Fia regiofinales folget dan in provinsjale einstriid tusken maksimaal 25 teams. It winnende team krijt in jildpriis foar it doarp.

Van Vliet hopet dat der tusken de hûndert en twahûndert doarpen meidwaan sille oan de kenniskwis. It is de bedoeling yn oktober dermei útein te setten.

Doarpen dy't meidwaan wolle, kinne har oanmelde fia de webside fan de inisjatyfnimmer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)