Motorrider fljocht by fiadukt Saturnuswei út de bocht

26 jun 2016 - 21:16

In motorrider is sneintejûn by it fiadukt op de Saturnuswei yn Ljouwert ferwûne rekke. Neffens omstanners fleach de man mei syn motor út de bocht.

De motor bedarre inkelde meters leger fia in helling yn in gersfjild. Dat barde oan de kant fan yndustryterrein De Hemrik. In oanwêzige plysjeman koe noch net reagearje op wat der krekt bard wie. De man is mei in ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)