Spoarfiadukt Harns is te plak skood

By Harns wurdt hurd wurke oan de oanlis fan it nije spoarfiadukt dat oer de nije N31 komme moat. Sneintemiddei is it fiadukt te plak skood. De oanlis fan it spoarfiadukt is nedich om in ûndertrochgong fan de N31 mooglik te meitsjen. It spoar moast ferstevige wurde, want oars soe it ynstoarte as de nije autotunnel der ûndertroch groeven wurdt.
De wurksumheden binne te folgjen fia Twitter. Der is ek in spesjaal spottersplak makke en der binne minsken oanwêzich om útlis te jaan oan belangstellenden.
Takom tiisdei kinne de treinen tusken Ljouwert en Harns der wer oerhinne.