Konsert Di-rect ynkoarte op Heamieldagen

De rockband Di-rect © Stefan Schipper
De band Di-rect moast sneontejûn harren optreden op de Heamieldagen yn Boalsert tsien minuten foar de ein ûnderbrekke. Dat is dien yn oerlis mei de organisaasje om't der in probleem wie mei de stroomfoarsjenning. De steuring waard ferholpen, mar de Haagse rockband kaam net werom op it poadium.
De rest fan it muzikale programma koe wol ôfmakke wurde. Foar Di-rect wie it neffens eigen sizzen de earste kear yn 16 jier tiid dat se in konsert net ôfmeitsje koenen.
Yn septimber stiet de band op de Admiraliteitsdagen yn Dokkum.