Ans Burie-Gotink krijt keninklike ûnderskieding

26 jun 2016 - 09:55

De 66-jierrige Ans Burie-Gotink hat sneon út hannen fan wethâlder en lokoboargemaster Jongebloed fan de gemeente Weststellingwerf in keninklike ûnderskieding krigen. Dat barde yn hotel-restaurant Lunia yn Aldeberkeap.

Frou Burie is beneamd ta Lid in de Orde van Oranje-Nassau. Se hat goed 20 jier aktyf west foar de begeliedingskommisje leefberens lytse doarpen Weststellingwerf. Ek wie se frijwilliger op de archeology-ôfdieling fan it Fries Museum en is se as amateur-archeolooch belutsen by it wurkferbân fan de Fryske Akademy.

Dêrneist sit frou Burie yn it bestjoer fan de Stichting Muziek op Stapel, Stapel op Muziek út Aldeberkeap. Dy organisearret konserten yn it doarp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)