Autorider slingeret mei drugs op oer de A7

(stockfoto)
In 38-jierrige Ljouwerter is sneontenacht oanhâlden op de A7 by Drachten. De man ried 60 kilometer yn 'e oere op de sneldyk en slingere sa bot mei de auto, dat oare auto's foar him útwike moasten. Boppedat ried er yn in skansearre auto. Omdat de man it folchteken fan de plysje negearre, is er twongen om te stopjen.
De man wie sa slûch dat de plysje it fermoeden hie dat er ûnder ynfloed fan drugs wie. Hy joech dit sels ek ta. De Ljouwerter is oerbrocht nei it plysjeburo.
Hy krige ek noch proses-ferbaal, omdat syn rydbewiis al mear as trije jier ferrûn wie. It is noch net bekend wêr't de man de auto, dy't er liend hie fan in freondinne, skansearre hat.