Ynwenners Skiermûntseach nei mynboudebat yn Twadde Keamer

25 jun 2016 - 19:47

In flinke groep ynwenners fan Skiermûntseach giet op 29 juny mei de bus nei Den Haach om in part fan it debat oer de mynbouwet mei minister Kamp by te wenjen. De groep wol besykje om tagelyk in petysje tsjin de proefboarrings by it eilân troch it Frânske bedriuw Engie E&P oan te bieden oan keamerleden en ek oan Kamp. De groep sil dat dwaan yn mûntseklaaiïnge. Foarôfgeand oan it oanbieden fan de petysje is in koarte demonstraasje, dêr't ek al tastimming foar jûn is.

It bywenjen fan it keamerdebat mei allinnich yn boargerklean.

De groep eilânbewenners sil mar in beheinde tiid yn Den Haach wêze. Om healwei trijen rydt de bus wer nei Lauwerseach, sadat de eilanners noch mei de lêste boat weromreizgje kinne nei 'Lytje Pôle'.

It plak foar de proefboarrings en de oanlis fan in tydlik boarplatfoarm oan de noardkant fan it eilân sit de eilanners heech. De lokaasjes lizze ticht by it eilân en ticht by it nasjonaal park Skiermûntseach. In mearderheid yn de Twadde Keamer naam koartlyn in moasje oan fan Twadde Keamerlid Vos (PvdA) tsjin it boarjen nei ierdgas by Skiermûntseach. Minister Kamp liket oant no ta net fan doel om de moasje út te fieren, mar hat wol in 'probleem' mei de Twadde Keamer as er him der neat fan oanlûkt. It kin net oars as dat de kwestje oan de oarder komt by it behanneljen fan de mynbouwet yn de Twadde Keamer. In diel fan de Twadde Keamer wol de mynbouwet sa oanpasse dat it yn 'e takomst makliker wurdt om fergunnings foar proefboarrings lykas dy by Skiermûntseach te wegerjen.

(advertinsje)