LTO: 'Brexit' soarget foar ûnsekerheid yn de lânbou

It beslút fan de Britten om út de Europeeske Uny te stappen soarget foaral foar ûnwissigens yn de Fryske lânbouwrâld. De gefolgen sille op koarte termyn net hiel grut wêze, mar foar de fierdere takomst meitsje boeren harren wol soargen. Dat seit Klaas-Johan Osinga fan lânbou-organisaasje LTO.
Fryslân eksportearret foar inkele tsientallen miljoenen euro's oan lânbouprodukten nei Grut-Brittannië. Neffens Osinga is it hiel wichtich hoe't de Britten de EU ferlitte; fjochtsjend of yn goed oerlis.