Motorrider ferwûne by oanriding Kollumersweach

© HVnieuws.nl
Op de Foarwei yn Kollumersweach is sneontemiddei in motor oanriden troch in auto. By de botsing rekke de motorrider ferwûne. De man is mei in ambulânse nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.
Hoe't it ûngelok gebeure koe is noch net dúdlik. De automobilist kaam mei de skrik frij. De motor en de auto rekken swier skânsearre. De krusing Foarwei Triemsterloane waard in skoft ôfset foar it ferkear.