'Hieltiid mear famkes kieze foar technyk'

25 jun 2016 - 15:47

Hieltyd mear bern kieze foar in karriêre yn de technyk. Dat lûd wie sneon te hearren op de technykdei yn Tytsjerksteradiel. Alle bedriuwen op yndustryterrein Skûlenboarch by Jistrum, hienen sneon de doarren iepen.

It is net foar it earst dat der wat organisearre wurdt om bern mear yn technyk te ynteressearjen. En dat docht fertuten, seit Jos van Stein fan de organisaasje. Neffens him is it foaral opmerklik dat famkes hieltyd faker de technyske kant op wolle. Hy wie ek goed te sprekken oer de opkomst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)