Auto botst op wente Easterlittens, plysje siket tsjûgen

25 jun 2016 - 15:38

Yn de nacht fan freed op sneon is oan De Mar yn Easterlittens in auto tsjin in wenhûs en in oantal beammen riden. De bestjoerder is oanslutend útnaaid. De plysje wol graach mei de man prate en is op syk nei tsjûgen fan de botsing. De bewenners fan it hûs seagen pas de oars moarns dat it hûs skansearre wie, se waarden der net wekker fan.

It ynsidint wie neffens de plysje nachts om ien oere hinne. Wa't wat sjoen hat, wurdt frege om de plysje te beljen. Dat kin op tillefoannûmer 0900-8844.

Trefwurden: 
botsing Easterlittens wenhûs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)