Bernebuorkerij Stiens ticht fanwege triatlon

De tsiende edysje fan de Triatlon Friesland is sneon úteinset yn Stiens mei 650 dielnimmers. De langste ôfstân is de 1500 meter swimme, 40 km fytse en 10 km drave. It is foar it earst dit jier dat de rûte dy't de fytsers ôflizze moatte folslein ôfsletten is. Logistyk in behoarlike put foar de organisaasje, want sadwaande is der gjin trochgeand ferkear mooglik nei bygelyks bernebuorkerij Doniastate, dy't op de rûte leit.
Dêrom is de bernebuorkerij sneon ticht. By wize fan kompensaasje skinkt de organisaasje Doniastate in geit.