Frou rydt mei poeskes op skurte en botst tsjin beam

25 jun 2016 - 14:28

In frou is sneontemiddei ferwûne rekke nei't se op de Bekhofwei yn Sânhuzen mei har auto tsjin in beam botst wie. De bestjoerster hie in doaze mei in oantal poeskes deryn op 'e skurte. Dy krûpten derút en de frou besocht de katten werom te dwaan yn de doaze. Dêrby lette se net op de dyk, wêrtroch se tsjin in beam knalde.

Ambulânsepersoniel hat de frou behannele. Der siet ek noch in baby yn de auto. Dy hie neat. De auto rekke swier skansearre.

Trefwurden: 
ûngelok poeskes beam Sânhuzen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)