Drankrider pakt nei trochride by ûngelok

Autoride ûnder ynfloed
De plysje hat freedtemiddei in 62-jierrige automobilist oanhâlden omdat er ûnder ynfloed fan alkohol trochriden wêze soe nei in oanriding. Yn Frjentsjer soe er boppe-op in stilsteande auto botst wêze, en doe't de frou dy't dêr yn siet de man nei syn gegevens frege, naaide er út. De frou koe it kenteken ûnthâlde en sa is de man efterhelle.