Bekende artysten meitsje line-up Admiraliteitsdagen kompleet

25 jun 2016 - 11:09

Sjonger en presintator Jeroen van der Boom, sjongeres Berget Lewis en dj Steff da Campo trede op by de Admiraliteitsdagen yn Dokkum. Earder waard al bekend makke dat rockband Di-Rect ek komt, op sneon 3 septimber. De line-up is dêrmei kompleet. Sjonger en akteur Danny de Munk fertolket de freedtejûns de rol fan admiraal.

Neffens foarsitter Jan Michiel van der Gang feroaret Dokkum by de Admiraliteitsdagen yn it earste wykein fan septimber yn 'één groot maritiem avonturenpark'.

"In en om de bolwerken kun je dansen, vliegen, roeien, springen of zweven. Reddingsdemonstraties, een sloepenrace, bungee-roeien of helikoptervluchten waarbij liefhebbers eruit mogen springen: alle zintuigen worden geprikkeld'', sa seit Van der Gang.

Trefwurden: 
admiraliteitsdagen Dokkum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)