Man en frou stoarte mei balkon en al del

Twa minsken binne freedtejûn mei balkon en al delstoarten by in wenhûs oan de Sjake Visserstrjitte yn Akkrum. It giet om in man en in frou, en om harren eigen balkon. Se binne mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Hoe't se der oan ta binne, is net dúdlik. It pear wie oansprekber doe't de plysje oankaam.
It balkon wie fan hout. Neffens de plysje liket it derop dat de befêstigingsbalken rot wienen.