NNO jout oade oan David Bowie by iepening City Proms

It Noord Nederlands Orkest hat freedtejûn neffens tradysje it festival City Proms yn Ljouwert iepene mei it programma 'What's on David Bowie's playlist'. 3FM-dj Eric Corton presintearre de jûn en sjongeres Wende Snijders fertolke in oantal nûmers fan Bowie.
Ek it Noardewyn City Promskoar mei 175 sjongers stie op de planken. It muzykduo TOV! liet in fol Aldehoustertsjerkhôf genietsje fan Klezmermuzyk. De jûn is ôfsletten troch de Big Band Leeuwarden.
De rest fan it wykein kinne leafhawwers fan klassike muzyk ek noch genietsje fan optredens op de sechsde edysje fan City Proms. Besikers fan CityProms kinne fia in app fan Marketing Leeuwarden op 'e hichte bliuwe fan de aktiviteiten op it festival.