Gasthear Easterlittens wint IFK Jeu de Pelote fan Ljouwert

De 18e edysje fan de IFK Jeu de Pelote is wûn troch gasthear Easterlittens mei de keatsers Jochum Bouma, Pier Piersma, Erwin Zijlstra, Simon Zijlstra en Jelle Jan Rodenhuis. Se bleaunen yn de finale op it Littenser plein mei 9-5 en 40-40 Ljouwert de baas.
Op dy stân sloech Feiko Broersma de bal foar. De oare keatsers fan Ljouwert wienen Hans Wassenaar, Jouke Bosje, Pieter Jan Plat en Pieter Bakker. Ljouwert makke yn de finale tefolle flaters. De tredde prizen wienen foar Wommels en Frjentsjer.